Ferskate Fryske skriuwers nominearre foar Jan Wolkerspriis 2019

Ferskate Fryske skriuwers binne yn de race foar de Jan Wolkerspriis 2019. Yn de útstjoering fan it radioprogramma Vroege Vogels waard in saneamde longlist fan de 19 bêste Nederlânsktalige natuerboeken bekendmakke. Dêryn stean ûnder oare Adwin de Kluyver, Theunis Piersma en O.C. Hooymeijer.
© Omrop Fryslân, Karen Bies
De Jan Wolkerspriis is in inisjatyf fan radioprogramma Vroege Vogels, it Wrâld Natuer Fûns en de Volkskrant. De priis foar it bêste natuerboek wurdt dit jier foar de sânde kear útrikt en bestiet út in jildbedrach fan 5.000 euro. De winner wurdt op 20 oktober bekendmakke.
Besjoch hjir de folsleine list.