Deade by oanriding mei trein by Ljouwert Camminghaburen

Der is in persoan ferstoarn nei in oanriding mei in trein yn Ljouwert, by stasjon Camminghaburen. Troch it barren riden der earst gjin treinen mear tusken Ljouwert en Hurdegaryp, mar yntusken is de tsjinstregeling neffens ferfierder Arriva wer oppakt.
Gjin treinferkear tusken Ljouwert en Hurdegaryp © Nick den Boer / ProNews
De plysje hat in oantal minsken dy't de oanriding sjoen hawwe op it plak fan it barren opfongen.
As der minsken binne dy't tsjûge wiene en fuortgien binne, mar dochs noch harren ferhaal kwyt wolle, dan kinne dy harren melde by de plysje dy't soarget foar fierdere stipe. De plysje is berikber op 0900-8844.
Hasto help nedich? Dan kinst kontakt opnimme mei Stichting 113 Zelfmoordpreventie fia 0900 0113 (24/7 berikber) en www.113.nl.