Graafwurk foar glêsfezelnet Weststellingwerf úteinset
Netbehearder KPN is woansdei yn Wolvegea úteinset mei de graafwurksumheden foar de oanlis fan it glêsfezelnetwurk. By Lindenoord gie de earste skeppe de grûn yn, it graafwurk duorret nei alle gedachten santjin wiken.

KPN leit it netwurk strjitte foar strjitte oan. De stoepe wurdt moarns iepen groeven en de ploech besiket dy foar de ein fan de middei wer ticht te meitsjen. Omwenners wurde troch de netbehearder inkelde dagen yn it foar ynformearre.
'Nutsvoorziening'
De gemeente Weststellingwerf is bliid dat Wolvegea glêsfezel krijt. "Snel internet is bijna een nutsvoorziening aan het worden", fertelt wethâlder Jack Jongebloed. "Niet alleen ondernemers, maar ook inwoners hebben steeds vaker snel internet nodig, bijvoorbeeld voor zorg of school."
Yn de gemeente Weststellingwerf angelen lange tiid twa oanbieders fan rap ynternet nei klanten yn it bûtengebiet.