MeiDy fangt âlden op dy't problemen hawwe mei opfieding fan de bern

"In veilige plek", dat is wat Amel fûn yn it opfanghûs MeiDy yn Damwâld. It hûs is al in oantal moannen iepen, mar waard tongersdei offisjeel yn gebrûk naam. MeiDy is bedoeld foar memmen of heiten dy't problemen hawwe mei de opfieding fan harren bern. Amel en har soantsje wiene dakleas foardat se yn it opfanghûs kamen.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De Irakese Amel is ien fan de sân memmen dy't op dit stuit mei har bern yn MeiDy wenje. Se hawwe der in eigen studio mei dûs en wc. Yn de studio is sliepromte foar de âlder en maksimaal twa bern. Fierder is der in mienskiplike wenkeamer, keuken en tún. Dy binne ek bedoeld om mei de oare bewenners yn kontakt te kommen.
Yn MeiDy is fjouwerentweintich oeren deis help oanwêzich. Dy is benammen bedoeld om de bân tusken âlder en bern te ferbetterjen. Dêrfoar wurde ûnder oare alle dagen petearen fierd.
Dianne Kalsbeek fan MeiDy
Amel wennet sûnt trije moanne yn MeiDy. Se is yntusken safier dat se mei har soantsje nei in eigen hûs kin, meikoarten ferhuzet se nei Delft. Dêr is se bliid mei. "Maar ik ga wel deze plek heel erg missen."
Bewenster Amel