In soad protest tsjin gaswinning; noch net folle resultaat

Ut it bestudearjen fan de winningsplannen foar fyftjin lytse gasfjilden yn Noardeast-Nederlân, komt in werkenber byld nei foaren. Sûnder útsûndering is der breed ferset. En: op hast gjin inkeld plak smyt dat wat op.
© ANP
Fan Hardenberg oant Nij Beets en fan Eesveen oant Pieterzijl. Oeral wurdt op alle mooglike manieren besocht de gaswinning út de lytse fjilden tsjin te hâlden. Benammen út eangst foar wat se 'Grinzer tastannen' neame.
Omwenners geane dêrby iendrachtich mei wetterskippen, gemeenten en provinsjes de striid oan. Op it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat reint it sjenswizen. Sûnder in soad resultaat oant no ta.
GAS FIDEO 3
"En dat is knap frustrerend,' fersuchtet Gerrit Eerland fan Stop Gaswinning Marsdijk Nu. It is him en fjouwer meistriders noch net slagge de wernijde winning út âlde putten by har wyk yn Assen tsjin te hâlden.
"We hebben alles gedaan wat in het handboek actievoeren staat. Handtekeningen verzameld, Tweede Kamerleden gesproken, de plaatselijke politiek gemobiliseerd en zienswijzen ingediend. Toch zijn we nog geen steek verder."

Ungelikense striid

It is in ûngelikense striid, fynt de âld PvdA-wethâlder fan de Drintske haadstêd: "Het is vechten tegen een heel leger van juristen en ambtenaren. Daar staan wij dan als vijf goedwillende burgers tegenover."
Klage wurdt der ek fan alle kanten oer de beheinde ynformaasjefoarsjenning. Ek dat makket it dreech om spesifyk yn aksje te kommen, fine in soad omwenners.
GAS FIDEO 4
Monique Plantinga fan Tsjingas yn Nij Beets yn de gemeente Opsterlân sjocht it allegear mei groeiende fernuvering oan: "Wat er nu met de kleine gasvelden gebeurt, voelt als een herhaling van zetten. Ook in Groningen is het verzet lange tijd genegeerd. Hebben ze daar dan niks van geleerd?"
Yn Assen jouwe se de striid net op. Sa is in beropsskrift de doar útgien. "Dat indienen van zo'n beroepsschrift kost ons 175 euro per persoon. We hebben elkaar aan gekeken en gezegd: dat doen we. We gaan door tot het gaatje."