Nuvere situaasje riedsgearkomste: twa wurdfierders fan ien partij

It skeel fan de fraksje fan GrienLinks en it royearre lid Marlène Postma is noch hieltyd net oer. GrienLinks sette Postma in skoft lyn oan de kant as fraksjefoarsitter. Sy gie dêr net mei akkoart en waard doe út de partij set. Mar dat royemint is noch net definityf. En Postma is yn de ried sitten bleaun.
© ANP
By de riedsgearkomste fan Weststellingwerf hold GrienLinks moandei in algemiene skôging, mar Postma die dat ek. Boargemaster Van de Nadort fan Weststellingwerf kaam dêrmei yn in lestige situaasje: "Ik kan niemand weigeren het woord te voeren."
It haadbestjoer fan GrienLinks hat de boargemaster frege om Postma net út namme fan dy partij oan it wurd te litten. Mar as Postma it wurd nimt, dêr giet sy sels oer, sei Van de Nadort. Sadwaande diene moandei twa minsken út namme fan GrienLinks it wurd.
Ferskate fraksjes yn de ried jouwe oan dat sy hoopje dat it probleem nei de simmer út de wrâld is. De kâns bestiet dat de gemeenteried dan beslute moat oft dy in riedslid sûnder partij talitte wol.