Treinferkear tusken It Hearrenfean en Stienwyk lei stil nei oanriding

It treinferkear tusken It Hearrenfean en Stienwyk hat sneintejûn ferskate oeren stillein nei in oanriding mei in persoan. It ûngelok wie by it NS-stasjon yn Wolvegea.
© ProNews / René Wiegmink
Om kertier oer njoggenen hinne waarden de helptsjinsten oproppen. Oan it begjin fan de nacht kaam it treinferkear wer op gong. Oant dy tiid waarden der bussen ynset om de reizgers te ferfieren.