Cambuur wint rom fan DTD yn earste oefenwedstriid

SC Cambuur hat freedtejûn syn earste oefenwedstriid mei romme sifers wûn. Yn Jelsum wûn de ploech fan Henk de Jong mei 8-0 fan VV De Trije Doarpen út Koarnjum.
Goals DTD-Cambuur
Yn de earste helte wie it yn de 12e minút raak foar de Ljouwerters. Nigel Robertha makke op oanjaan fan Mitchel Paulissen fan tichteby de 1-0. Net folle letter wie it de nijkommer Jamie Jacobs dy't mei in hurd skot de twadde goal makke. Foar it rêstsinjaal krige Cambuur ek noch in strafskop, wêrút Robertha syn twadde goal meitsje koe.
Proefspiler Erik Schouten fan Cambuur © Orange Pictures
Troch acht wiksels begûn Cambuur mei in fernijd alvetal oan de twadde helte. Kai van Rijswijk koe yn de 52e minút út in foarset de fjirde goal meitsje. Troch twa doelpunten yn in tiidsbestek fan twa minuten stie nei goed in oere spyljen de 6-0 op it skoareboerd. Earst wie it Daniel Bouman dy't nei in pass fan Mees Gootjes skoare koe en koart dêrnei makke Micha Metz de sechsde foar de Ljouwerters.
It moaiste doelpunt fan de jûn waard makke troch Stanley Akoy. Hy knalde nei 81 minuten de bal yn de winkelheak. Troch in twadde goal fan Metz einige de wedstriid úteinlik yn in 8-0 oerwinning foar SC Cambuur.
Jordy van Deelen nei DTD
Opstelling earste helte: Pieter Bos, Jordy van Deelen, Kellian van der Kaap, Erik Schouten, David Sambissa, Mees Hoedemakers, Jamie Jacobs, Robin Maulun, Issa Kallon, Nigel Robertha, Mitchel Paulissen
Opstelling twadde helte: Pieter Bos, Ken Raghoebar, Calvin Mac-Intosh, Erik Schouten, Alex Bangura, Stanley Akoy, Daniel Bouman, Dean Guezen, Micha Metz, Kai van Rijswijk, Mees Gootjes