NHL Stenden Hegeskoalle jout gjin Nederlânske diploma's mear ôf yn Katar

De Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden jout gjin Nederlânske diploma's mear ôf yn Katar. Oanlieding is in rapport dat de Underwiisynspeksje freed publisearre. De ynspeksje stelt dêryn dat der "onvoldoende waarborgen" binne by it takennen fan diploma's oan studinten fan dizze Stenden University Qatar.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Tsientallen studinten krigen sa'n diploma. "Er leven twijfels over de borging van de kwaliteit van het onderwijs in Qatar en de betrouwbaarheid van de studieresultaten", skriuwt de ynspeksje. De skoalle seit te kiezen foar in nije oanpak fan it ûnderwiis yn it Arabyske emiraat en dêr gjin Nederlânske diploma's mear út te jaan. "Van ons mag er namelijk geen twijfel bestaan over kwaliteit en eindniveau van ons onderwijs. Vanzelfsprekend raakt ons dit zeer", seit bestjoersfoarsitter Erica Schaper.

Regels oanskerpje

NHL Stenden Hogeschool is yn 2018 ûntstien út in fúzje tusken NHL Hegeskoalle en Stenden Hegeskoalle. De skoalle hat rom 24.000 studenten, wêrfan 280 in Katar, 2200 meiwurkers en tolve festigings yn binnen -en bûtenlân.
De misstannen binne foar minister Ingrid van Engelshoven fan Underwiis reden de regels foar ûnderwiisfêstigingen yn it bûtenlân oan te skerpjen. Foaral oer de regel dat it genôch is foar in Nederlânsk diploma om in kwart fan de oplieding yn Nederlân te folgjen hat de minister har twivels. Se wol dy regel mooglik ôfskaffe, sei se tsjin de leden fan de Twadde Keamer.