Nadieh Bruinsma fan Surhústerfean is Miss Boerin 2019
Nadieh Bruinsma fan Surhústerfean is Miss Boerin 2019 wurden. Sy is de sechde miss en sy waard tongersdei kroand yn in feestseal op in lân- en túnboubeurs yn Deventer. Yn 2018 stie Bruinsma yn hege hakken op de bekende Boerinnen Kalender.

Bruinsma is keazen troch sawol it publyk as in sjuery. Neist de ivige lof hat sy ek twa kaarten foar de Zwarte Cross wûn en in wykein Antwerpen foar twa persoanen.
Frederique Kleefstra Miss Agro
Dêrneist hat ek Frederique Kleefstra fan Aldskoat wûn, nammentlik dy fan Miss Agro. Dêrmei is sy in jier lang ambassadrise foar Stichting Team Agro NL, in gearwurking fan boeren en túnkers. Ek sy krige twa kaarten foar de Zwarte Cross.