Crone beneamd ta eareboarger Ljouwert: "Hy hat in soad betsjut"

Ferd Crone is by syn ôfskied as boargemaster beneamd ta eareboarger fan de stêd Ljouwert. Crone is de fjirde boargemaster yn de skiednis fan de stêd dy't dizze ûnderskieding krijt. De pinning dy't by de beneaming heart, waard him oerlange troch Eline de Koning, vice-foarsitter fan de Ljouwerter gemeenteried.
Ofskied boargemaster Crone
Crone naam tongersdei nei goed alve jier ôfskied as boargemaster fan de gemeente Ljouwert. Dêrby waard bekend makke dat it keunstwurk dat Henk de Graaf makke foar Kulturele Haadstêd, mei buiskes DNA fan de Ljouwerters yn de hal fan it stedhûs, in permanint plak krijt yn in noch te bouwen muorre ûnder it histoarysk sintrum fan Ljouwert. Dêr sil ek plak wêze foar nije buiskes.
Yn it Beursgebou yn de stêd wie in ôfskiedsresepsje, foar elkenien dy't dêrby oanwêzich wêze woe. Ferskate minsken út de polityk, dy't mei Crone gearwurke ha, wiene oanwêzich. Ien fan harren wie Jannewietske de Vries. Sy wurke mei Crone gear, doe't se deputearre wie. Beiden spilen se in wichtige rol by it binnenheljen fan Kulturele Haadstêd. "Ljouwert ferliest in 'bevlogen' boargemaster", seit se oer Crone. "Ien mei in soad kontakten yn Den Haag. Hy hat in protte enerzjy en wurklust. Op bepalende mominten hat er in soad betsjut foar Fryslân."
De Vries is no boargemaster fan Súdwest-Fryslân, mar se sjocht Crone en Ljouwert net as konkurrint. "Moatst Fryslân sjen as ien gebiet. En de gearwurking gie hartstikke goed." Se hat ek fertrouwen yn de opfolger fan Crone, Sybrand Buma. "Dy bringt wer in nij netwurk mei, nije ekspertize ek. Ik tink dat hy in goede boargemaster wurdt."
© Gemeente Ljowuert
Andries Ekhart fûn as wethâlder en riedslid fan Ljouwert de gearwurking mei Crone net altyd maklik. "Hij had wel eens iets meer kunnen delen. Een burgemeester moet het ook hebben van z'n collega's en wethouders." Dochs hat er benammen positive wurden foar Crone. "Ik heb zelden zo'n harde werker meegemaakt. Hij heeft voor Leeuwarden een enorme betekenis gehad. Hij was een boegbeeld voor de gemeente."

Ophâlde op it hichtepunt

VVD'er Serge Hollander tinkt dat Crone op it goede momint ophâldt. "Hij heeft alles binnengehaald wat-ie binnen wilde halen. Volgens mij was dit zijn hoogtepunt. Ik was heel blij dat hij Culturele Hoofdstad deed, maar de stroppenpot binnenhalen was nog belangrijker." Hy doelt op de miljoenekompensaasje dy't Ljouwert fan it Ryk krijt foar wmo en de jeugdsoarch. "Zonder dat geld waren we onder curatele gesteld."
Hollander botste as fraksjefoarsitter fan de VVD wolris mei Crone. "Hij is temperamentvol. Het mag best knetteren van hem en het heeft soms ook best geknetterd. Dat is een kant die niet iedereen van hem kent. Maar we konden elkaar na afloop altijd de hand schudden, dus we nemen afscheid met liefde en respect." Nei't Crone definityf út Ljouwert is, sille se kontakt ûnderhâlde. "Hij had de naam dat hij veel met Den Haag belde, maar wij gaan Den Haag ook veel bellen. We hebben een aantal belangrijke nummers daar, waaronder die van hem nu." Crone sit sûnt koart foar de PvdA yn de Earste Keamer.

Tiid foar wat oars

In oare fraksjefoarsitter dy't geregeld felle diskusjes hie mei Crone, wie Otto van der Galiën fan LIJST058. "It is nei tolve jier ek wolris tiid dat je wat oars dogge. Op in bepaald momint komt der in ein oan de regearperioade fan in boargemaster. En dy funksje yn de Earste Keamer kaam frij. As je dat wolle, moatte je it dwaan. Oars moast er wer jierren wachtsje en dan spilet de leeftiid ek in rol."
"Neffens my fûn er it spul ek wol moai", seit Van der Galiën. "En it heart der ek by. Ik sit der ek net mei: soms giet it fûl en nei ôfrin moatte je elkoar de hân jaan kinne. Dat koe ek altyd."

De lêste 100 dagen

Gitte Brugman, sjoernalist en fotograaf foar de Ljouwerter Krante, folge Crone yn de lêste 100 dagen fan syn amtstermyn. Dat die se ek al by syn earste 100 dagen. "Ik sjoch yn syn aginda nei bysûndere mominten. Soms sit it yn de lokaasjes: 100-jierrigen binne leuk, in 70-jiers houlik ek, krekt as de ynstallaasje as Earste Keamerlid yn Den Haag, dat wie in moaie lokaasje."
Mar it giet net allinnich om de moaie plakken. "Ek op gewoane plakken hast soms bysûndere situaasjes, lykas ôfrûne moandei by de finish fan Maarten van der Weijden. Hy moast sa nedich wer belje, want minsken kenne him ek as beljende boargemaster. Doe siet er 'hurkend' efter in auto. In apart gesicht." Wat der mei de foto's bart, wit Brugman noch net. "Fan de earste hûndert dagen is in boekje ferskynd en hjirfan miskien ek wol. It giet yn alle gefallen nei it Historisch Centrum Leeuwarden."