"Pikefel, it is sa bysûnder", seit kommissaris Arno Brok. "Elkenien hat de tocht sa droegen, fansels is der it sportive elemint, mar ek syn ferhaal, de Fryske tradysjes en in grutske provinsje, dat kaam allegear by elkoar." Hy hat op tal plakken by oan de rûte west. "Op alle mominten wie it moai. Dat der safolle jild ophelle is foar it goede doel, dêr giet it om."