Negerman en Schokker winne Mar-athon Snits yn parkoerrekôrs

Erik Negerman út Hilversum hat sneontejûn de Mar-athon Snits wûn. Yn in rekôrtiid fan 2 oeren, 33 minuten en 15 sekonden kaam Negerman oer de finish. Hy liet Willem de Boer fan Eksmoarre en Menno Mud fan Tytsjerk, dy't deselde tiid rûnen (2:39:11), efter him.
Erik Negerman
By de froulju wûn Hinke Schokker fan Eastermar. Ek sy sette in rekôrtiid del fan 2 oeren, 58 minuten en 53 sekonden. Dêrmei wie se leafst 7 minuten en 37 sekonden flugger as it âlde rekôr fan Kirstin Jonvik út Ubbergen yn 2015.
Samantha Wolfslag fan Wergea kaam as twadde frou oer de meet yn 3:20:34. Op it tredde plak einige Wilma Bottema fan Eastermar mei 3:26:33.
Hinke Schokker
Ferslachjouwer Lars de Leeuw oer de winners yn Snits