Van der Weijden komt hieltyd tichter by syn fjirde stimpel. Hy hat noch minder as 14 kilometer te gean oant Starum. Ferwachte wurdt dat er dêr om 12.45 oere oankomt. Syn gemiddelde snelheid is de lêste pear oeren wol wat omleech gien, fan 3,31 nei 3 kilometer de oere. Yn totaal hat er no wat mear as 50 kilometer, dus goed in kwart fan de tocht, swommen.