Noch altyd rebûlje yn GrienLinks-fraksje Weststellingwerf

Der is noch altyd rebûlje yn de gemeenteriedsfraksje fan GrienLinks yn Weststellingwerf. De partij hat twa sitten yn de ried, dy't op dit stuit ynfolle wurde troch Gaby Thijssen en Marlène Postma. Riedslid Postma waard lykwols begjin maaie troch GrienLinks royearre, mar fierde de ôfrûne wiken by gearkomsten noch wol it wurd foar de partij.
© ANP
Postma is yn berop gien tsjin it royemint as lid fan GrienLinks. Dêrtroch is it royemint noch hieltyd net definityf. Postma soe neffens de partij spesifike kapasiteiten foar de funksje misse.

Mar ien wurdfierder

Neffens it haadbestjoer fan de partij is Gaby Thijssen lykwols de iennige dy't út namme fan GrienLinks it wurd fiert yn de gemeenteried. Marlène Postma soe dat net mear dwaan moatte foar GrienLinks, mar ûnôfhinklik as riedslid Postma.
De ôfrûne wiken hawwe sawol Thijssen as Postma dat noch dien. Dat wie neffens boargemaster André van de Nadort tige ûngebrûklik.

Postma bliuwt riedslid

As Postma definityf royearre wurdt troch GrienLinks, dan is se fan doel riedslid te bliuwen. Dat soe betsjutte dat de fraksje fan GrienLinks de kommende jierren de helte lytser wurdt.