Topman Pier Eringa ferruilet ProRail foar mobiliteitsbedriuw Transdev
De fan Burchwert ôfkomstige Pier Eringa wurdt de nije heechste man by Transdev Nederland, it memmebedriuw fan Connexxion. Eringa is sûnt 2015 topman fan spoarbehearder ProRail. Yn maart liet er al witte, dat er gjin baas mear fan ProRail wêze woe as dy omfoarme is nei in selsstannich bestjoersorgaan.

Eringa meldt dat de oerstap nei Transdev Nederland foar him in logyske stap is. "Mei dizze oerstap sil ik der alles oan dwaan om de posysje fan it ynternasjonale mobiliteitsbedriuw Transdev yn Nederlân fierder te ferstevigjen. Transdev hat alle dagen impact op de mobiliteit fan in soad gebrûkers.''
Transdev is aktyf yn it persoaneferfier en de mobile soarch. Yn it persoaneferfier wurdt dat dien ûnder de merknamme Connexxion en de mobile soarch fiert de merknamme Witte Kruis.
Earder wie Eringa ûnder mear regio- en programmadirekteur by de NS en korpssjef fan de plysje Flevolân.