KNVB sil ûndersyk dwaan nei rebûlje by fuotbalwedstriid

De KNVB sil de gong fan saken oangeande de wedstriid tusken fuotbalklup VV Ryptsjerk en VV Kollum fan it ôfrûne wykein ûndersykje. Nei ôfrin wie der fjochterij yn de kantine fan Harkema Opeinde dêr't de wedstriid wie en ûnder de wedstriid wienen der sprekkoaren.
© www.vvkollum.nl
In ûnôfhinklike oanklager sil alle feiten ûndersykje. It fuotbalbûn hat al kontakt hân mei de klups. It is wachtsjen op de wedstriidformulieren en oan de hân dêrfan sil de oanklager bepale oft straffen nedich binne.
Bauke Schat, foarsitter fan fuotbalklup VV Kollum sil ek útsykje wat der krekt bard is.