Foarsitter VV Kollum: "It is spitich dat it nijs oer de fjochtpartij giet yn stee fan oer ús promoasje"

"It is spitich dat it yn it nijs oer de fjochtpartij giet yn stee fan ús promoasje." Dat seit Bauke Schat, foarsitter fan fuotbalklup VV Kollum nei oanlieding fan de fjochtpartij ôfrûne sneon nei ôfrin fan de wedstriid tusken VV Ryptsjerk en de ploech út Kollum. "Wat der krekt bard is, is dreech om te sizzen. Dat sille wy no fierder útsykje."
© www.vvkollum.nl
Nei de wedstriid ôfrûne sneon ûntstie der in fjochtpartij yn de kantine, dêr't Kollumers op 'e fûst gongen mei oaren. De wedstriid om promoasje nei de twadde klasse waard nammentlik hâlden op it fjild fan Harkema Opeinde, om't it op neutraal terrein spile wurde moast. Hoe't de fjochtpartij krekt ûntstie, kin Schat net sizze. "Mar wat ik wol mei klam sizze wol is dat spilers fan VV Ryptsjerk hjir net by belutsen wiene, dy wiene al fuort", seit de Kollumer foarsitter.
Wa't wol krekt meiinoar op 'e fûst gongen, is noch altyd net hielendal wis. "Der wiene sa'n 1300 man op it sportpark", fertelt Schat. "Mar wat foar my wichtich is, is dat der yn elk gefal minsken út Kollum by belutsen binne. Dat wiene gjin spilers en ek op it filmke werken ik gjin Kollumers."

Sprekkoaren

Njonken de fjochtpartij wurdt der yn ferskate media ek praat oer sprekkoaren ûnder de wedstriid. Ek dat sil ûndersocht wurde, sa seit Schat ta. "Ik ha sels net heard wat der krekt songen waard, mar it wie net altyd like netsjes, begryp ik." Mei ferskate minsken sil it bestjoer prate om dêrnei ferfolchstappen te nimmen tsjin de belutsenen. "Yn de simmerstop ha wy tiid om alles rêstich út te sykjen."

Promoasjefeest

De wedstriid waard wûn troch VV Kollum, dat dêrmei promovearret nei de twadde klasse. Nettsjinsteande de fjochtpartij, waard der yn Kollum dochs noch in feestje fierd. "Mar de rûzje wie wol in domper op it feest", fynt de foarsitter.
Foarsitter Bauke Schat fan VV Kollum