Needsoarch bliuwt bestean yn Fryske sikehûzen

De needsoarch yn de fjouwer Fryske sikehûzen bliuwt gelyk oan de hjoeddeistige situaasje. Dat sille soarchfersekerder De Friesland en de sikehûzen fêstlizze yn in nij kontrakt dat fan takom jier ôf jilde sil.
Ferbân lizze om de ankel © Shutterstock.com
It giet om de Fryske sikehûzen it MCL yn Ljouwert, Nij Smellinghe yn Drachten, Antonius yn Snits en de Tjongerschans op It Hearrenfean, In pear moannen lyn warskôge De Friesland noch dat de needsoarch yn ien of twa sikehûzen op 'e tocht stie ûnder oaren omdat it hieltyd dreger wurdt om goed personiel oan te lûken. Under needsoarch falle de earste help, akute ferloskunde en de intensive care.