Team Wybe hellet 30.730 euro op foar kankerûndersyk nei meunstertocht

Team Wybe hat mei de Alvestêdetocht op in bierfyts sa'n 30.730 euro ophelle. De opbringst fan de meunstertocht giet nei kankerûndersyk.
Team Wybe hellet 30.730 euro op foar kankerûndersyk nei meunstertocht
Team Wybe kaam sneintemiddei rom in oere foar op skema werom yn Boalsert. Dêr waard de bierfyts entûsjast ûnthelle troch kloften minsken. "Wy hawwe der noch wol eefkes oan tocht om der noch 60 kilometer oan fêst te plakken," sei Henny Feenstra fan it team.
De ploech hie it yn it begjin bêst dreech mei it minne waar fan sneon, mar de hurde wyn yn de rêch hie ek wer foardielen. Yn totaal hawwe trije teams fan fytsers derfoar soarge dat de freoneploech wer werom kaam yn Boalsert. Dêr stie ek Maarten van der Weijden om harren binnen te heljen. De opbringst fan de sponsortocht giet nei syn stichting tsjin kanker.

Fytsteam Wybe

Sneontemiddei begûn de tocht mei de bierfyts, ek yn Boalsert. Team Wybe waard oprjochte yn 2015 nei it ferstjerren fan har freon Wybe Leenstra, dy't ferstoar troch in harsentumor. Hy wie doe noch mar 37 jier. Earder helle it team al tûzenen euro's op mei de Alpe d'Huzes en letter nochris 20.000 euro mei it beklimmen fan de Mont Ventoux.
Team Wybe oan de finish yn Boalsert