Wergeaster famylje is seis wiken yn Italië om in camping te behearen

Se hiene der wol ris oer grapjage, mar no sil it dochs echt heve. De famylje Dijkstra út Wergea is nei Italië om dêr seis wiken op in camping te helpen. Yn Sneon yn Fryslân fertelde Jacob Dijkstra oer hoe't se op it idee kaam binne en wat se derfan ferwachtsje.
© Dijkstra
It idee komt net samar út de loft fallen. "Wy hâlde wol fan it campinglibben. As wy op fakânsje wiene, hiene wy it der foar de lol wol ris oer om ergens in camping te begjinnen", fertelt Jacob Dijkstra. Se krije no de kâns om dat ris te besykjen. "Tafallich hearden wy fia in kunde dat eigeners fan in camping yn Italië wol wat ekstra hantsjes brûke koene."

Ferskaat oan wurk

Se hawwe hege ferwachtingen fan it wurk. "Wy sitte oerdeis wat yn de hingmatte mei in cocktail, dan stjoere wy it personiel wat oan", grapjaget Dijkstra. Hy fertelt dat se in ferskaat oan wurk dwaan sille. "It kin it kontrolearjen fan de wetterkwaliteit fan it swimbad wêze, it sanitêr skjinmeitsje en der moat ek limoncello produsearre wurde."
Jacob Dijkstra oer it camping-aventoer
"Uitstekend, bellissimo", sa omskriuwt Dijkstra syn Italiaansk. "Myn frou hat oanleard om altyd Frysk te praten. Foaral de Italianen ferstean dat blykber. Of sy begripe yn elts gefal wat der bedoeld wurdt."
Oft it eksperimint in ferfolch krije sil? "Ik kin no wol sizze, dat gean wy net dwaan, mar je witte soks net."
It aventoer fan de Dijkstra's is de kommende wiken te folgjen yn Sneon yn Fryslân op Omrop Fryslân Radio.
© Google Maps