Hinke Schokker rint, spuiend en fallend, it WK trail yn Portugal út

Hinke Schokker fan Eastermar hat sneontemiddei it WK Trail yn Portugal útrûn. Nei in enoarm swiere 44 kilometer hurddrave, troch rûch gebiet, kaam Schokker nei mear as fiif oeren oer de finish.
© Omrop Fryslân
Hinke Schokker hie yn it foar noch net in soad ûnderfining mei trail. Yn Portugal diene dit wykein 231 manlju en 178 froulju út 53 lannen mei oan it WK. Nei ôfrin wie Schokker bliid dat se it parkoers útrûn hie, mar hielendal tefreden wie se net. "It gie op himsels wol goed. Ik haw de finish helle, mar it gie wol wat minder as it hope hie."

Spuie en falle

"Ik moast yn it begjin spuie en ik fielde my licht yn 'e holle. Yn de earste sechtsjin kilometer bin ik in kear fallen, dus ik hie it wol swier. Dêrnei gie ik noch wol in pear kear ûnderút, mar ik bin wol hiel bliid dat ik it útrûn haw", sa seit se.
Hinke Schokker yn Sneon yn Fryslân
Foar Hinke Schokker út Eastermar wie it in bysûndere wedstriid. "Eins net in wedstriid foar in begjinnende trailrunner", sa lake se. "De ûndergrûn is gjin sân, mar benammen stiennen. Dat makket it sa swier. Dêrtroch wie ik net sa rap as ik hope hie."

Regearjend wrâldkampioene útfallen

De Friezinne makket ûnderdiel út fan it Nederlânske team. Teamgenoate en regearjend wrâldkampioene Ragna Debats moast útstappe en koe har titel net ferdigenje. In hege teamklassearring siet der dus net mear yn.
© Hinke Schokker