Kommend wykein gjin treinen tusken Grins en Bûtenpost

Der ride gjin treinen tusken Bûtenpost en Grins yn it pinksterwykein. Fan 8 oant en mei 10 juny wurde bussen op it trajekt ynset. Arriva lit sawol stop- as snelbussen ride. Tusken Ljouwert en Bûtenpost sil allinnich stoptreinen ride.
Treinperron yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De treinen ride net yn ferbân mei de wurksumheden foar de ekstra rappe trein tusken Grins en Ljouwert.