Hylpersk, Skiermûntseagersk en Aastersk selsstannige talen foar Max Planck Institut

It Hylpersk, it Skiermûntseagersk en it Aastersk op Skylge stean as selstannige talen op in list fan it Dútske Max Planck Institut. Dat ynstitút hat in online ynternasjonale wittenskiplike taaldatabank. Yn de Glottolog binne mear as 7200 talen, taalfamyljes en dialekten opnaam.
© Fryske Akademy
De taalkenner Dyami Millarson út Ljouwert hat it ynstitút yn de Dútske stêd Jena attendearre op de trije Fryske taalfarianten. Dy hawwe neffens him folsleine taalsystemen, want se hawwe in eigen ûntwikkeling trochmakke, foar in part los fan it Frysk en mei oare feroaringen as de standert-Fryske taal.
Millarson ferdjippet him yn bedrige talen. Ferline jier hat er sels it Skiermûntseagersk, it Hylpersk en it Skylger Frysk (it Aastersk) leard. Millarson helle ferline jier ek studinten nei Skiermûnsteach om yn de kunde te kommen mei de taal. Hy set him no yn foar it Helgolânsk en it Saterlânsk. Dat binne farianten fan de Fryske taal yn Dútslân.
De Fryske Akademy brocht yn maart in wurdboek fan it Hylpersk út, it Graet Hylper Wordebook. Dat is gearstald troch Siebren Dyk en Gosse Blom.