Skûtsjedilemma's mei Johannes Meeter en Harmen Brouwer

Lemmer Ahoy is foar de skûtsjesilers de wichtichste wedstriid yn it foarseizoen. Hoe stiet elkenien derfoar en wat moat der noch feroare wurde om klear te wêzen foar de SKS en de IFKS? Lemmer Ahoy is in wedstriid oer trije dagen mei behoarlik wat belangen en dêrom is it de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân. Om foarút te sjen lizze we twa skippers in pear drege skûtsjedilemma's foar...
SKS-skipper Johannes Meeter en IFKS-skipper Harmen Brouwer © Omrop Fryslân

Johannes Meeter

Johannes Meeter stiet foar syn tredde simmer as skipper fan it SKS-skûtsje fan 'It Doarp Huzum'. Ferline jier wist Meeter mei syn bemanning Lemmer Ahoy te winnen. Dat late yn de SKS ta in plak yn de middenmoat: Huzum einige as sânde. Mar wat fynt Meeter wichtiger: taktyk of technyk? En fynt er dat elkenien skipper wurde kin yn de SKS of allinne minsken út de 'skûtsjefamyljes'? Dat en noch mear dilemma's wurde him foarlein troch IFKS-skipper Harmen Brouwer.
WfdW: Harmen Brouwer befreget Johannes Meeter

Harmen Brouwer

Harmen Brouwer stiet dizze simmer foar syn fjoerdoop as skipper. Sûnt dit seizoen is Brouwer nammentlik haadferantwurdlike foar it IFKS-skûtsje 'De Drie Gebroeders'. Hy hat it stokje oernaam fan Arend Wisse de Boer. Mar, skûtsjesilen is net nei foar him. Hy is al jierren aktyf yn de bemanning fan de 'Gerben van Manen', it skûtsje fan It Hearrenfean dat yn de SKS-sylt. Dêr is Harmen syn twillingbroer Sytze skipper. Fynt Harmen de SKS of de IFKS moaier? En giet er betiid op bêd of fynt er de feesttinte wichtiger? Dat en noch mear dilemma's wurde him foarlein troch SKS-skipper Johannes Meeter.
WfdW: Johannes Meeter befreget Harmen Brouwer
© Omrop Fryslân
Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'.
De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.