Yndrukwekkend grut rouboerd yn Oentsjerk

Guon roubuorden fan âlde aadlike militêren hingje fol mei kanonnen, gewearen, trommels en findels. Neist it famyljewapen en de gouden fersieringen. Benammen dy út de 18de iuw. Restauraasje en behâld is spesjalistysk wurk, lykas by it rouboerd fan de Hiemstra's yn Oentsjerk.
Rouboerd Oentsjerk
Miskien wol it grutste rouboerd fan Fryslân is dat fan Feijo van Hiemstra yn de Mariatsjerke yn Oentsjerk. Soan fan Schelto van Hiemstra en Catharina van Scheltinga en hege offisier yn it leger fan de prins fan Oranje-Nassau fan 1730 ôf.
It restaurearre keunstwurk út de 18de iuw fan mear as trije meter heech is ien fan de meast yndrukwekkende roubuorden fan Fryslân. Op it boerd stiet dat Feijo van Hiemstra twa kear ferwûne rekke is yn de striid tsjin de Frânsen. Hy is berne yn 1694 en hy ferstoar yn 1748. Fierder is der net in soad bekend oer de Hiemstra op dit bysûndere boerd.
Rouboerd Oentsjerk