Gemeente Noardeast-Fryslân leit Brouwerij Dockum in twangsom op

Brouwerij Dockum yn Dokkum hat in twangsom oplein krigen fan de gemeente Noardeast-Fryslân. It bedriuw moat fan de gemeente foar 4 july ophâlde mei syn restaurantdiel en de ferkeap fan wenaksessoares.
Brouwerij Dockum © Omrop Fryslân
Wethâlder Theo Berends (CU) oer twangsom foar brouwerij
Neffens de gemeente meie der gjin gerjochten en alkoholhâldende dranken servearre wurde, mei útsûndering fan it selsbroude bier. De gemeente konstatearre by de kontrôle ek dat der yn it gebou inkelde wenaksessoares útstald stiene foar de ferkeap.
De brouwerij moat mei de aktiviteiten ophâlde, omdat dy dêr gjin fergunning foar hat. Mochten se dochs trochsetten wurde, dan wurdt de twangsom oplein. Hoe heech dy is, hat de gemeente net bekend makke.

Hanthaveningstrajekt

Brouwerij Dockum iepene yn septimber 2018 de doarren en it restaurant iepene in pear moannen letter, yn desimber 2018. Ein febrewaris waard dúdlik dat de brouwerij foar it restaurantdiel gjin fergunning hat. It kolleezje stjoerde de eigeners yn maart in brief, dêr't yn stie dat sy in hanthaveningstrajekt opstarte soene.
It bedriuw krige twa wike de kâns om dêrop te reagearjen. Dat diene de brouwerij en harren advokaat dan ek. De gemeente seach lykwols net fan de twangsom ôf.