Aukje de Vries: "Grutte kulturele ambysje is goed, mar ek om it jild tinke"

De gemeente Ljouwert moat by de grutte kulturele ambysjes net de sinteraasje út it each ferlieze. Dat sei VVD-Keamerlid Aukje de Vries snein it yn nijsfoarum fan Buro de Vries. Ljouwert presintearre fan 'e wike de nije kultuernota. "Moatst ambysje ha, mar moatst ek goed om it jild tinke", seit De Vries.
Neushoorn yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Vries wie it, krekt as Jan Willem Tuininga (FNP Ljouwert) en Jaap Stalenburg (PvdA Fryslân), der wol oer iens dat it wichtich is dat de ambysjes grut binne. "Wy as VVD ha earder al oanjûn dat we de 'blockbusters' wichtich fine, omdat dat in soad minsken nei de provinsje lûkt. Tink oan de tentoanstellingen fan Mata Hari, Alma Tadema, Escher en de Reuzen. Wolst dat yn de takomst ek dwaan, dan moatst ambysje ha."
De gemeente Ljouwert lûkt jierliks sa'n tsien miljoen euro út foar kultuer. Foar dit jier is der seis ton ekstra beskikber steld foar de legacy fan Kulturele Haadstêd. Der wurdt no praat oer in nije kultuernota foar de perioade 2021-2024.
Dochs is der ek genôch mooglik sûnder in protte sinten deroan kwyt te reitsjen, seit Tuininga. "En je kinne ek fûnsen oanlûke bygelyks. Je moatte nei de lange termyn sjen om alles goed behappe te kinnen. We sjogge dat de kultuer in hiel grutte oanlûkingskrêft nei de stêd hat."

Yn fyzje tinke

Stalenburg wol net dat it allinnich mar om it jild giet. "Wij zijn altijd heel goed in hokjes denken", seit it nije Steatelid foar de PvdA. "Ik denk niet in geldpotjes, dat vind ik bekrompen. Ik wil in visie denken."
Yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân diskusjearje alle wiken trije opinymakkers oer it nijs fan de ôfrûne wike. De gearstalling fan it nijsfoarum is alle wiken oars. Dizze kear waard it foarum foarme troch Jaap Stalenburg (PvdA), Aukje de Vries (VVD) en Jan Willem Tuininga (FNP).