Siler Pieter-Jan Postma ferkeapet boat en set streek troch topsport

Hy woe him sa graach foar in fjirde kear kwalifisearje foar de Olympyske Spelen, mar troch dy ambysje kin definityf in streek. Dy dream giet oan him foarby; wat oerbliuwt is in fantastyske sportkarriêre. Siler Pieter-Jan Postma hâldt dermei op.
Pieter Jan Postma
De 37-jierrige Pieter-Jan koe it startbewiis foar de Olympyske Spelen fan Tokyo 2020 net binnen helje en dat betsjut dat it klear is foar him. De boat hat er tongersdei ferkocht.
Postma is in strateech, kin goed starte, kin goed sile en dochs koe der nea in wrâldtitel winne. Dat docht sear, mar hy hat in moaie sportkarriêre hân, seit Postma. "Hoogtepunten raken je, dieptepunten raken je. Het is sport, het is een hele reis en alles is een belevenis geweest."

Littekens

It goud hat faak tichteby west; op wrâldkampioenskippen en op Olympyske Spelen. Lykas op de Olympyske Spelen yn Londen, dêr't er in strafrûntsje draaie moast en it goud út sicht rekke. By it sjen fan in filmfragmint fan it momint dat it misgie yn Londen, flokt Postma op 'e nij. "Dat zijn natuurlijk littekens, maar ik denk dat het ook karakter maakt. Het maakt het verhaal ook rijk."
Miskien hie Pieter-Jan hurder wêze moatten, seit syn âld-coach Jacco Koops. "Ik ben heel gevoelig", jout Postma ta. "Ook tijdens een wedstrijd, ik stel graag ook de ander op de eerste plaats. Dat je het belangrijk vindt hoe het met de ander gaat. Ik heb het moeilijk gevonden om het mes op iemand anders zijn keel te zetten", seit Postma. Ek sportsjoernalist Peter van der Meeren, dy't by in soad wedstriden oanwêzich wie, omskriuwt de Finn-siler as in sosjale, meilibjende man.

Karren

As Postma werom sjocht op de ôfrûne jierren, dan sjocht hy dat om te groeien yn de sport je hieltyd karren meitsje moatte. En troch ûnderfining waarden dy karren hieltyd flugger en better. Dochs wiene der ek mominten dat der einliks gjin mooglikheid wie om in kar te meitsjen. Lykas doe't syn beide âlden siik waarden en neist topsporter Postma ek mantelsoarger waard.
Yn april dit jier moasten se ôfskied nimme fan syn mem. "Het is een heel rijk gevoel, om die momenten bij mijn ouders te zijn geweest. Maar mijn vader heeft parkinson en ook een flinke tik gehad, met hem gaat het nu ook niet zo goed."
© Omrop Fryslân
Troch de perioade fan mantelsoarch gie de focus fan de wedstriden ôf. En no't er him net kwalifisearre koe foar Tokyo 2020 giet der in streek troch de topsport. Hy sil de wedstriden ek wol misse seit er. "Zeilen met wind en golven, op wat voor boot dan ook, is grandioos. Dan voor de wedstrijd: een paar minuten nog. Je voelt de spanning, neemt nog een momentje rust, kijkt over het water en dan ga je ervoor."
Koops seit dat de Finn klasse Postma ek misse sille, as tsjinstanner en ek as belutsen minske. "Het waren mooie jaren", beslút Postma.