Underhâld oan perronnen op stasjon It Hearrenfean set útein

Op it treinstasjon fan it Hearrenfean is ProRail begûn mei it ûnderhâld oan de perronnen. Dizze opknapbeurt falt tagelyk mei it wurk oan it spoar tusken Ljouwert-Akkrum, dat takom wike oanpakt wurdt.
De nije kearwanden lizze al klear neist it perron © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De spoarbehearder is dwaande om de kearwanden te fernijen. Ek komt der in nije fluorring fan it perron. Der moat groeven wurde by de perronnen, mar dat sil nei alle gedachten fan 25 maaie ôf barre. Op dit stuit is der noch gjin hinder foar reizgers.
ProRail fiert dit ûnderhâldswurk mei opset tagelyk út mei it spoarûnderhâld tusken Ljouwert en Akkrum, de wike dat der gjin treinen ride, wurdt sa effisjint as mooglik brûkt. Yn de wykeinen fan 25 oant 27 maaie en 1 juny oant 3 juny ride der gjin treinen op it trajekt Ljouwert-Meppel.