Ried Hearrenfean stimt yn mei 150.000 euro foar frouljusfuotbal
De gemeente Hearrenfean stelt 150.000 euro ta beskikking foar it behâld fan it frouljusfuotbal fan SC Hearrenfean. De ried hat dermei ynstimd.

Ein april waard dúdlik dat de takomst fan it frouljusfuotbal op It Hearrenfean faai stiet, fanwegen finansjele problemen. In wike letter wie der in oplossing foar om it fuortbestean derfan dochs te garandearjen. Betingst wie dat der in nije stichting mei in nij bestjoer komme soe.
Boppedat moast der jild op it kleed komme, want der is sa'n 300.000 euro it seizoen nedich foar in 'kompetysjeweardige' seleksje. Dêrfan jout de KNVB 50.000 euro, SC Hearrenfean 100.000 euro en de gemeente de oare helte.
Reden foar de gemeente om it jild yn de nije stichting te stekken, is ûnder oare dat it frouljusfuotbal op earedifyzjenivo in 'lokaal maatskiplike wearde fertsjintwurdiget'. Boppedat soe it goed wêze foar sawol de topsport as de breedtesport yn de gemeente.