Auto botst tsjin beam by Wynjewâld: twa minsken ferwûne
By in ûngelok op de Duerswâldmerwei by Wynjewâld binne moandeitejûn twa ynsittenden fan in auto ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de bestjoerder de macht oer it stjoer kwyt.

De auto botste dêrnei tsjin in beam. De twa ferwûnen binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De dyk wie tydlik ôfsletten; de plysje hat ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok.