Provinsje ûndersiket 'akwatermy': waarmte of kjeld út wetter helje

De provinsje Fryslân docht de kommende jierren ûndersyk nei de mooglikheden fan akwatermy: de technyk om waarmte of kjeld út wetter te heljen. In lanlik gearwurkingsferbân fan bedriuwen en oerheden sette tiisdei yn Utrecht syn hanteken ûnder de saneamde Green Deal Aquathermie.
© Provinsje Fryslân
De provinsje ynvestearret 125.000 euro yn projekten binnen de provinsje en in oerkoepeljend ûndersyk binnen de Green Deal. It ministearje fan Ekonomyske Saken stipet de Green Deal mei 900.000 euro om in programmaburo yn te rjochtsjen. Ek de oare partijen bringe finânsjes of ekspertize mei.
Mei akwatermy wurdt waarmte of kjeld út wetter helle. Dat kin bygelyks oerflaktewetter wêze, mar ek ôffalwetter en drinkwetter. De technyk helpt by de oerstap nei ierdgasfrije ferwaarming.
Ut ûndersyk docht bliken dat termyske enerzjy út oerflaktewetter yn fjirtich persint fan de waarmtefraach yn urbaan gebiet foarsjen kin. Fia ôffalwetter en drinkwetter kin dat respektyflik 15 en 1,5 persint wêze. Akwatermy kin dêrmei in bydrage leverje oan de ferwaarming fan wenningen en oare gebouwen.
© Provinsje Fryslân