Pluktún yn Ravenswâld brûkt gjin bestridingsmiddels mear

De pluktún yn Ravenswâld is sûnt koart lid fan Slow Flowers Nederlân, in platfoarm foar seizoengebonden blommen dy't natoerfreonlik kweekt wurde. Doel is om sa it gebrûk fan gifstoffen en bestridingsmiddels tsjin te gean.
Nina Boonstra fan de pluktún yn Ravenswâld © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Ut ûndersiken docht bliken dat minsken dy't yn in blommewinkel wurkje, te krijen hawwe mei blommen dêr't tsientallen soarten gif op sitte. Dêrom wol it platfoarm Slow Flowers Nederlân dat der tenei allinnich lokaal blommen ferkocht wurde sûnder bestridingsmiddels. Dizze beweging begjint sa stadichoan te groeien. Minsken moatte makliker oan natuerfreonlike blommen komme kinne. It giet allinnich om seizoensblommen, te fergelykjen mei de seizoengriente yn it restaurant.
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek sjocht yn de pluktún

Benijd nei Slow Flowers Nederlân?

Benijd wat it doel is fan Slow Flowers Nederlân? Lês alles op harren webside.