FIDEO: Tsientallen dielnimmers by earste Frysk kampioenskip sjipkisterace

Der wiene tsientallen dielnimmers by it Frysk kampioenskip sjipkisterace yn Ferwert. It is de earste kear dat it kampioenskip holden wurdt. It inisjatyf kaam fan in ploech fuotbalmaten.
FIDEO: Tsientallen dielnimmers by earste Frysk kampioenskip sjipkisterace
De dielnimmers starten op in skâns fan fiif meter heech. Dêrnei moasten se 200 meter ôflizze. Wa't dat it fluchste die, waard de winner.
Oankommende tiisdei is de folsleine reportaazje te sjen yn it tv-programma HEA!