Earlik winkelje yn Súdwest-Fryslân makliker makke

It keapjen fan earlike produkten wurdt yn de gemeente Súdwest-Fryslân befoardere mei de EerlijkWinkelen-app. Mei de app kinne bewenners en besikers winkels fine dy't duorsume produkten ferkeapje.
Ien fan de winkels yn de EerlijkWinkelen-rûte yn Súdwest-Fryslân © Google Street View
Hjirûnder falle produkten dy't biologysk, lokaal, fairtrade, twaddehânsk of op in oare wize miljeu- en/of minskfreonlik binne. Yn de app kinne nije ferkeappunten oanheakke wurde.
De rûte is in idee fan Grutsk & Grien, yn gearwurking mei de wurkgroep Fairtrade Súdwest-Fryslân.