Frouljusteam fan Hearrenfean kin troch

It frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean kin troch. Betingst is wol dat der in nije stichting opset wurdt. De âlde stichting hat op dit stuit in soad skulden, en dy wolle de gemeente en de KNVB net meinimme nei de takomst.
Oersjoch frouljusteam Hearrenfean
De takomst fan it frouljusfuotbal fan Hearrenfean kaam ferline wike faai te stean, doe't bekend waard dat de stichting likwidearre wurde moast fanwege finansjele problemen. Dizze problemen rinne al in skoft, en yn febrewaris is de stichting dan ek úteinset mei it sykjen fan help.
Der hawwe doe meardere petearen west mei foarsitter Cees Roozemond en kommersjeel direkteur Hylke van der Veen fan SC Hearrenfean. It waard de foarsitter fan it frouljusfuotbal fan SC Hearrenfean, Froukje Hofma, by dy petearen dúdlik dat SC Hearrenfean wol fierder woe, mar mei in nije stichting en nije minsken.
It opsizzen fan de âlde stichting hat as gefolch dat de hjoeddeistige foarsitter it fjild romje moat. Krekt as de oare bestjoersleden.
Reaksjes frouljusteam Hearrenfean
Foar de koarte termyn wolle Hearrenfean en de KNVB in budzjet beskikber stelle foar trainers en spylsters. Sa kinne sy trochbetelle wurde, en har goed tariede op it takom seizoen.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean wol de gemeenteried foarstelle om in liening mei betingsten beskikber te stellen oan de nije stichting. Op koarte termyn moat der no in kertiermakker oanstel wurde, om alles goed fêst te lizzen. Ek kinne der dan nije bestjoersleden socht wurde.

Coby van der Laan

Ien fan de nammen dy't neamd wurdt as kertiermakker is âld-wethâlder Coby van der Laan. Sy beriedt har noch op dizze posysje.
© ProNews
Ferslachjouwer Wytse Vellinga oer de situaasje by SC Hearrenfean