Fertochte (20) yn sedesaak Drachtster skoutinggroep hie noch gjin VOG
De 20-jierrige groepslieder fan skoutinggroep De Drones út Drachten dy't fertochte is yn in sedesaak hie by de klup noch gjin Verklaring Omtrent het Gedrag (VOG). Dy wie noch yn oanfraach. Dat meldt in wurdfierder fan Scouting Nederland.
Fertochte (20) yn sedesaak Drachtster skoutinggroep hie noch gjin VOG
De man út Feanwâlden sit sûnt foarich jier simmer fêst. Hy soe stikem foto- en fideomateriaal makke en ferspraat ha fan trije famkes dy't lid binne fan De Drones. Dêrnjonken wurdt hy fertocht fan ûntucht by twa famkes yn de priveesfear.
Net yn de publisiteit
Scouting Nederland seit dat se hjir binnen de organisaasje tige alert op binne. Mar neffens wurdfierder Wendy van Rossum kinne je soks nea foar hûndert prosint ticht timmerje. It Iepenbier Ministearje hat dizze saak earder bewust net yn de publisiteit brocht, om't it belang fan de slachtoffers en it ûndersyk foarop stiet.
Der hawwe yntusken trije pro-formasittingen west; dêrby wiene ek hieltyd in protte leden fan de skoutingklup en âlden fan de bern oanwêzich. De rjochtbank fûn dêrby hieltyd dat der genôch reden wie om de man fêst te hâlden.
Ynhâldlike sitting
De ynhâldlike sitting fan dizze sedesaak wurdt ein augustus ferwachte.
Redakteur Auke Wietze Bosma oer de saak