Goed twatûzen ton ôffal fan de konteners fan MSC Zoe is ôffierd

Oant no ta is op syn minst 2.068 ton ôffal ôfkomstich fan MCSC Zoe ôffierd fan it Dútske en Nederlânske part fan de Noardsee, Waadeilannen en it fêstelân. By de ramp mei it skip begjin jannewaris is mei elkoar sa'n 3.436 ton ôffal yn see kaam. Dat makke Bestuurlijk Waddenoverleg+ moandei bekend yn in update oer de gefolgen fan de kontenerramp.
© Kustwacht Nederland
Yn de Waadsee binne sûnt de ramp mei MSC Zoe begjin jannewaris 19 konteners burgen. Begjin dit jier sloegen 342 konteners oerboard. Der binne 269 identifisearre kontenerdielen mei unike kontenernûmers burgen.
Fiskers wurde ynset om driuwend ôffal op te fiskjen. Ek is der oerlis mei de fiskerijsektor oer de mooglikheden foar fiskers om te helpen by it opromjen fan ôffal op de seeboaiem. Dêrby wurdt sjoen nei opsjes foar in pilot mei in fiskerskotter.

Oprêde

De lêste tiid spielt der relatyf net folle guod oan op de strannen fan de Waadeilannen, seediken en kwelders. Oant en mei maart is dit oan ôffal sammele: Flylân: 60 ton, Skylge: 251 ton, It Amelân 354 ton, Skiermûntseach: 266 ton en Nederlânske kust: 57 ton. Yn totaal is 994 ton ynsammele.
It opsûgjen fan lytse plastic dieltsjes út it sân op Skiermûntseach wie suksesfol mei de saneamde 'maaiklepelzuiger', mar fanwege it briedseizoen leit dat tydlik stil.
De ûnderhannelingen oer de skea-ôfhanneling rinne noch.
It Bestuurlijk Waddenoverleg+ (BWO+) fiert sûnt 6 febrewaris de regy oer de fierdere ôfhanneling fan de gefolgen fan de kontenerramp. De praktyske útfiering leit by Rykswettersteat.