Opfallend oantal meldingen oer gefaarlik krúspunt yn Damwâld

It meldpunt foar ferkearsûnfeilige situaasjes fan Omrop Fryslân, hat 734 meldingen opsmiten. De measte kamen út Ljouwert, mar opfallend wie it tal meldingen út Damwâld: 15 kamen der binnen oer de krusing fan de Haadwei mei de Thiedamawei yn dat plak.
Gefaarlik krúspunt Damwâld
Troch de komst fan de Sintrale As binne de krusingen oanpast yn Damwâld. De krusing tusken de Haadwei en de Thiedemawei waard drastysk feroare. It wie earst in rotonde, mar no is it krúspunt ynrjochte as plein mei peallen yn it midden.
Foarrangsregels binne no net dúdlik foar automobilisten en oerstekke op dit drokke krúspunt is net maklik foar fytsers, kuierders of minsken mei in scootmobyl.
Ferslachjouwer Ronnie Porte seach by it gefaarlike krúspunt yn Damwâld