Wer ris wat oars as de Matteüs Passy: yn Aldskoat fierden se dit jier de Markus Passy op

Yn stee fan de tradisjonele Matteüs Passy, hawwe se yn Aldskoat dit jier op Goedfreed de relatyf ûnbekende Markus Passy opfierd. Dy ferzjy fan it lijensferhaal fan Jezus Christus is yn Seelân betocht en hat ferline jier foar it earst yn Fryslân te hearren west.
De Markus Passy
Dirigint en dûmny Pieterjan de Buck hat foar de Markus Passy in spesjaal koar gearstald. Dat wurdt begelaat troch in keamerorkest mei sello, klarinet, fluit en fioele. De Buck sels bespilet de piano. De besikers krigen oan it begjin fan de útfiering in tekstboekje, sadat se meilêze en meisjonge koene.
Reportaazje oer de Markus Passy
De Markus Passy hat neffens sjongeres Froukje Rispens folle mear ferskillende muzykstilen as bygelyks de Johannes of de Matteüs Passy. "Dat is hiel moai om te sjongen, mar jo moatte der wol fan hâlde. Foar guon minsken is it wat tefolle."
Dizze ferzjy fan de Markus Passy yn Aldskoat hat de titel Een gat in het dak. Neffens dirigint Pieterjan de Buck stiet dat symboal foar it sicht op de himmel en op God. "Het gaat over openstellen. Door mensen te ontmoeten zullen mensen open gaan, net als dat de hemel opengaat. Mensen komen tot leven door zich open te stellen voor anderen en niet gevangen te blijven in hun eigen leven."
Nei de tsjinst giene de koarleden en de besikers yn stilte de tsjerke út. Dat is net sûnder reden. "We gedenken het lijden en sterven van Jezus. Het is geen begrafenis, maar ook bij een begrafenis ga je in stilte de ruimte uit. Door dat zo te doen worden er geen reacties opgeroepen, dat leidt af waarvoor we hier voor zijn", seit De Buck.
© Omrop Fryslân