Hat LF2018 Ljouwert en de Ljouwerters feroare?

Grutsker wurde, mear sosjale gearhing en in grutter gefoel fan wolwêzen by de Ljouwerters. Njonken besikersoantallen en ynkomsten wie ek dat ien fan de doelstelling fan LF2018. Yn de FryslânDOK 'It ryk fan de wyk, de legacy fan de Ljouwerters', komme haadrolspilers, wykbewenners en helpferlieners oan it wurd. Wat hawwe de eveneminten mei harren dien?
Legacy foar de Ljouwerters
Liza van Houten is hikke en tein yn de Ljouwerter wyk Heechterp Schieringen. De wyk dy't al jierrenlang op de list fan earmste wiken fan it lân stiet. It is foar bûtensteanders miskien sa no en dan dreech om te begripen wat dit stimpel mei de ynwenners docht. Liza hat dêrom yn it Kulturele Haadstêdjier besocht om mei in foarstelling utering te jaan oan it gefoel dat it stimpel by har nei boppen bringt. 'Work, work, work, work, work, wie foar har in wize om har ferhaal kwyt te kinnen.
Liza hopet nei ôfrin fan LF2018 dat de foarstelling derfoar soarge hat dat minsken minder gau in oardiel klear hawwe, as se fertelt wêr't se weikomt.

Fan keunstobjekt ta moetingsplak

De 'resultaten' fan LF2018 binne lykwols net allinnich mar fan symboalyske wearde. De eveneminten hawwe hjir en dêr ek wat taastbers opsmiten. Erwin en Marjo Rengers fan partisipaasjeprojekt Meetingpoint Lifemaster sitte middenyn deselde wyk as Liza van Houten. It koppel hat mei 'harren' jongeren meidien oan it projekt de 8e dag, it grutte community-art-projekt fan keunstner Marten Winters.
Om mei te dwaan oan it projekt hat de groep in caravan omboud. Dy caravan hat hjoed-de-dei noch hieltyd in plak yn de buert. It objekt dat begûn as it part fan in keunstprojekt is tsjintwurdich in plak fan ferbining, sa fernimme Erwin en Marjo.
Se tinke dêrneist dat it meidwaan oan Kulturele Haadstêd wol wat dien hat mei de jongeren. It hat ûnder oare mear betsjutting jûn oan it wenjen yn '058'.
Legacy foar de Ljouwertersreuzen

Reuze-ympakt

Ien fan de hichtepunten fan Kulturele Haadstêd wie, sûnder twivel, de komst fan de Reuzen fan Royal de Luxe. De stêd stie trije dagen op 'e kop, en ek yn Heechterp Schieringen hawwe de trije reuzen in djippe yndruk makke. Elkenien yn de wyk hat it noch hieltyd oer it simmerevenemint fan ferline jier. Sa ek Hilbrand van den Bosch. Hy soe earst hielendal net nei it sintrum om de grutte houten poppen te sjen, mar gie dochs en is no noch ûnder de yndruk fan de sfear dy't der doe yn de stêd wie. "De manier van hoe mensen met elkaar omgingen", leit er út.
Liza van Houten fûn it geweldich dat de reuzen ek by har troch de wyk kamen. Want gewoanwei is soks "alleen in Amsterdam ofzo, maar nu waren ze helemaal in het kleine stadje Leeuwarden!" En krekt dat wie de bedoeling fan LF2018, fertelt Sjoerd Bootsma fan de organisaasje. Want as de reuzen yn dyn stêd rinne kinne, dan is alles mooglik.

Tefolle sintrum, te min yn de wiken

Dochs is der ek krityk te hearren op Kulturele Haadstêd. Eric Schippers is ien fan de minsken yn Heechterp Schieringen dy't in soad foar in oar docht: hy reparearret fytsen, knapt saken op yn de buert. Je soene sizze dat syn wurk en ynstelling goed past by de gedachte fan LF2018: mei-inoar wat dwaan, it eigen plak moaier meitsje. Mar Eric fynt benammen dat LF2018 tefolle plakfûn yn it sintrum en te min yn de wyk. Hy makket syn eigen 'Kultureel Heechterp Schieringen' en hellet syn skouders op oer al dy miljoenen dy't nei LF2018 gien binne.
Legacy foar de Ljouwerterseric

Hoe no fierder?

De 'kâlde' resultaten fan LF2018 binne maklik werom te finen: hoefolle oft it opsmiten hat foar de hoareka en de ûndernimmers, hoefolle omtinken oft der foar Ljouwert en Fryslân west hat, en hoefolle minsken oft nei de stêd ta kaam binne. Mar hoefolle oft it hiele evenemint foar de minsken betsjut hat, is dreger te definiearjen. Organisator Sjoerd Bootsma, dy't fan it begjin ôf oan by LF2018 belutsen west hat, seit lykwols in goede yndikaasje te hawwen fan de effekten op 'mikro-nivo'. Hy seit de opbringsten fan LF2018 benammen werom te sjen yn de 'ljochtsjes' yn de eagen fan minsken. "Maar we zijn er nog lang niet", seit er.
As wy it 'bêste lân fan de ierde' wurde wolle en dat oerdrage wolle oan de nije generaasje yn 2028, moat der noch in soad barre, fynt er. En Bootsma tink dat krekt dêr in rol weilein is foar keunst en kultuer. Om't jo dêrmei minsken rjocht yn it hert reitsje kinne. Krekt lykas mei de Reuzen. En as de minsken rekke wurde, dan komme se yn beweging.
Legacy foar de Ljouwerterssjoerd
De FryslânDOK 'It ryk fan de wyk, de legacy fan de Ljouwerters' is op sneon 20 april te sjen, op NPO2 om 15.30 (werhelling de snein dêrnei om 13.00) en op 21 april op Omrop Fryslân om 18.00.