CDA Fryslân ferbjustere oer tal ferkearsdeaden

De steatefraksje fan it CDA wol opheldering hawwe oer it tal ferkearsdeaden yn Fryslân. It hat bliken dien dat it tal folle heger leit as de sifers dy't it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân publisearre hat. It ROF hat it oer 18, it CBS oer 27.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It CDA is ferbjustere oer it grutte ferskil. De steatefraksje wol dêrom witte oft de grutte ferskillen der yn foargeande jierren ek west hawwe. It ferskil makket it dreech om maatregels te nimmen om it tal ferkearsdeaden nei ûnderen te krijen, seit it CDA.