Feilichheidsyndeks: binnenstêd en Oud-Oost minst feilige wiken yn gemeente Ljouwert

Ut de 'Veiligheidsindex' fan de gemeente Ljouwert docht bliken dat de binnenstêd en Oud-Oost de minst feilige wiken yn gemeente binne. De gemeente Ljouwert hat woansdei de 15de yndeks presintearre. Dy yndeks lit de objektive sifers fan de plysje sjen, oer bygelyks kriminaliteit, kombinearre mei subjektive sifers dy't út in befolkingsenkête komme.
Feilichheidsyndeks: binnenstêd en Oud-Oost minst feilige wiken yn gemeente Ljouwert
De yndeks berekkenet wykrapportsifers op basis fan alve ûnderdielen. Wiken dy't leger as in 5 skoare, krije 'koade read'. Tusken 5 en 6 is dat giel, blau foar wiken tusken de 6 en 7,5 en grien foar de wiken mei in skoare heger as 7,5.
© Omrop Fryslân
Ferd Crone, boargemaster fan Ljouwert
De twajierlikse befolkingsenkête is begjin 2018 hâlden. Ljouwert is stabyl bleaun yn ferliking mei ferline jier.

Wat opfallend tanaam is

Der binne mear meldingen fan cybercrime en minsken dy't yn de war binne, benammen mear âldere minsken. Ek binne mear meldingen binnenkaam fan 'burengerucht'.

Wat opfallend ôfnaam is

Der is minder oerlêst meld fan swalkers en minder drugshannel. Der binne minder saken fernield, it measte dat fernield is, is yn de binnenstêd en rjochting 't Vliet en Cambuursterhoek.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferskil tusken stêd en doarp

Jûns fielt 83% fan de minsken him feilich, yn de doarpen is dat mear as 90%. Fytsestellerij komt yn de doarpen net folle foar, ek fandalisme is dêr minder.
Wenningynbraken komme yn de stêd mear foar, mar yn 2018 ek relatyf in soad yn de wyk Dokkumer Ie en omstreken, Britsum, Jelsum, Lekkum en Blitsaerd.
Fandalisme komt yn de stêd foar, mar ek yn de doarpen Wurdum , Wergea en omstreken). Bedriging en mishanneling binne foaral problemen yn de stêd. Dat is ek sa by drugsoerlêst sa, mar dan foaral de eastlike wiken fan Ljouwert op nei Camminghaburen nei.
© Google Streetview