Opnames foar film oer Grutte Pier kinne net trochgean fanwege drûchte

De gemeente Westerkwartier yn Grinslân hat op oanstean fan de feilichheidsregio peaskefjurren en de plande buorkerijbrân by Den Horn ferbean. De maatregel is nommen yn ferbân mei de drûchte.
© Omrop Fryslân, Lars
Filmprodusint Steven de Jong soe no sneon in buorkerij yn 'e brân stekke foar de iepeningssêne fan in film oer it libben fan Grutte Pier, mar troch de drûchte is der in heech risiko op natoerbrannen.
De gemeente Westerkwartier sil mei Steven de Jong yn oerlis oer in oar momint foar de opnames.