Bernard Smilde Priis foar Hylper oersetting fan Lofsang fan Marije

De Bernard Smilde Priis is sneon oan dûmny Cees Glashouwer út Harns útrikt. Hy wûn de priis mei in bysûnder liet: in oersetting yn it Hylpersk fan de 'Lofsang fan Marije'.
© Krúspunt
Lofsang fan Marije is in liet út it nije Lieteboek. Glashouwer hie in nije dichterlike tekst skreaun op basis fan 'e Grykske grûntekst sa't dy te finen is yn it Evangeelje fan Lukas.
Dit jier wie it foar it earst dat in liet yn ien fan 'e streektalen fan Fryslân de priis krige.
De oersetting is part fan in projekt dat útrinne moat op 'e publikaasje fan in blomlêzing út it Lieteboek yn 'e Hylper taal dêr't oan wurke wurdt troch Cees Glashouwer en Wiebe Zoethout, dy't ek belutsen wie by it krekt útkommen Graet Hylper Wordebook.

Der wiene dit jier meiinoar 22 ynstjoeringen. De sjuery foar de Bernard Smilde Priis 2019 bestie út dûmny en musikus David de Jong, dûmny Adri Terlouw en dichter Syds Wiersma.
Bernard Smilde (1922-2014) wie predikant, musikus, komponist en dichter.