Bakker Transport fan It Hearrenfean is Fryske ûndernimming fan it jier 2019

Bakker Transport & Warehousing fan It Hearrenfean mei him in jier lang 'Fryske ûndernimming fan it jier' neame. It bedriuw wûn de titel tiisdeitejûn op de finale yn Dokkum. De oare twa finalisten fan de Verkiezing Friese Onderneming van het Jaar 2019 wienen Jelle Bijlsma út Gytsjerk en Ufkes Greentec út Drachten.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Neffens de sjuery, ûnder lieding fan deputearre Sander de Rouwe, wie der ien dúdlike winner. In ûnderskiedend bedriuw dat him doart oan te passen oan de easken fan de merk, ynnovatyf en duorsum. It fielt as ien bedriuw, in bedriuw fan de minsken, sa spruts De Rouwe.
Oprjochter Anne Bakker begûn syn bedriuw yn 1989 efter syn buro op in souderkeammerke. Hjoed-de-dei telt de ûndernimming 120 wurknimmers. "Dit is de kroan op ús wurk", sei in grutske Bakker.
De finale wie dit jier yn Dokkum by Bouwgroep Dijkstra Draisma. De priis waard útrikt troch kommisaris fan de Kening Arno Brok.