Nei suksesfolle proef ek ûlepeallen by de Sintrale As
By de Sintrale As del steane sûnt tongersdei saneamde ûlepeallen. Deputearre Johannes Kramer en Johan de Jong fan Stichting Kerkuilenwerkgroep Nederland (SKWN) hawwe de earste sitpeallen tusken Dokkum en De Westereen delset. It giet om in trajekt fan tsien kilometer, oan beide siden fan de sneldyk.

Fan de keunststof peallen ôf kinne ûlen maklik oer de dyk en it autoferkear fleane. Boppedat hawwe de ûlen op de hege sitpeallen in goed útsjoch om op proaien te jeien.
Rôffûgels meitsje in soad gebrûk fan hektometerbuordsjes as útkykpost. Mar om't dy leech by de dyk stean, rinne de fûgels risiko slachtoffer te wurden fan it ferkear. Dêrom krije de buordsjes rollers op de boppekant, sa't foarkaam wurdt dat ûlen op de buordsjes sitten gean.
Johan de Jong út Oerterp is in wichtige inisjatyfnimmer fan it projekt, tegearre mei Jan Koopmans fan It Fryske Gea en fûgelkenner Auke Volbeda wie hy ek al belutsen by it betinken fan de proef by Beetstersweach.
Ferkearslachtoffers
Alle jierren wurde der tsientallen ûlen oerriden, om't sy bygelyks in fjildmûske yn de berm sjogge en yn harren flecht deariden wurde. Bermen binne faak blomryk en dêrmei in oantreklike biotoop foar fjildmûskes, it wichtigste iten foar tsjerkûlen.
Benammen yn de tsjustere perioade fan it jier is dit in probleem. Tsjerkûlen foarmje en kwetsbere groep: út in skatting yn 2018 die bliken dat hast de helte fan de tsjerkûlen omkomt yn it ferkear. In frachtwein kin in lichte tsjerkûle maklik nei him ta sûgje.
Ferfolch op pilot by Beetstersweach
Yn 2014 begûn de provinsje in proef by de A7 neist Beetstersweach. Dêr kamen fjouwer meter hege peallen fan hout mei dwerslizzers. Mei kamera's is sjoen oft de peallen harren wurk diene. Om't it eksperimint suksesfol wie, komt der no in ferfolch yn in wichtich jachtgebiet tusken Dokkum en De Westereen. Ek Noard-Hollân hat al foarbyld naam oan it Fryske projekt.