Bas Tietema yn Fryslân as ûnderdiel fan 1500 kilometer lange sponsortocht

Amateur-hurdfytser Bas Tietema fytst snein troch Fryslân as ûnderdiel fan in sân dagen en 1500 kilometer lange tocht by alle achttjin earedifyzjestadions del. Hy is ambassadeur fan it Fonds Gehandicaptensport en hopet sa jild yn te sammeljen mei in soarte fan sparpot op ynternet.
Ambassadeur Bas Tietema krijt in stimpel fan Jelle Boersma dy't tenniset mei in beheining © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der fytse ek guon mei him mei. Tietema syn suske Iris hat it syndroom fan Down en hy wit hoe wichtich oft sport foar har is.
Elkenien mei in beheining moat sporte kinne, fynt it fûns, mar lang net elkenien kin no al dat dwaan. Tietema kaam yn it begjin fan de middei út Zwolle wei oan op It Hearrenfean by it Abe Lenstra stadion. Dêr krige er in stimpel fan in lokale ambassadeur en gong fierder nei Ljouwert ta.
Ferslachjouwer Remco de Vries wie op It Hearrenfean