LDODK ferliest heale finale om lânskampioenskip, mar "der is noch neat ferlern"

De kuorballers fan LDODK hawwe yn de earste wedstriid fan de heale finale fan it lânskampioenskip ferlern fan PKC út Papendrecht. Yn Papendrecht waard it 29-21.
© www.orangepictures.nl
De striid yn de heale finale bestiet yn totaal út trije wedstriden. Wa't as earste twa wûn hat, giet troch nei de finale fan de Kuorbal League. Nije wike sneon is it twadde duel tusken LDODK en PKC. Dan spilet LDODK thús op 'e Gordyk.
Yn de earste helte fan de wedstriid yn Papendrecht wie PKC de boppelizzende ploech. Mei de rêst stie der in stân fan 20-8 op it skoareboerd. De Gordyksters kamen yn de twadde helte sterk werom. Yn de klaaikeamer wiene hurde wurden sprutsen. Mar it wie te let.
Yn de earste helte hat LDODK it ferlern, seit Erwin Zwart. Hy spilet al jieren by LDODK.
LDODK 1 Erwin
"It plan dat we woenen, dat kaam der net út. En dan wurdt it in hiel dreech ferhaal. We kinne folle mear."
Yn it skoft koe de ploech de knop omsette. Mar de wedstriid wie doe eins al spile. "Der binne wol even wat wurden fallen."

Twadde helte biedt perspektyf

Spylster Femke Faber hie hiel oare ferwachtingen foar it begjin fan de wedstriid. "Dat hie elkenien, tink ik." Mar nei ôfrin hâldt se hoop op in finaleplak yn de striid om de lânstitel. "Der is noch neat ferlern."
LDODK 2 Femke
"Yn de earste helte ûntbrekt it oan lef. Mar de twadde helte hawwe we wûn mei 9-13. Ik tink dat we dêr in posityf gefoel oan oerhalde moatte. No mei ús allen yn mineur sitte, hat hielendal gjin sin. We stean mei 1-0 achter, mar we hawwe noch twa kânsen."